heit&mem

Folop genietsje fan bûten boartsjen!

Toutsjespringe, rolskaatse, knikkerje of fanatyk op it springkessen hippe. Elk jier is it grut feest op ’e Lemmer by de jierlikse Buitenspeeldag. Thea Harder, foarsitter fan wykferiening De Steiger dy’t de dei mei organisearret, fernimt dat de bern alle jierren entûsjaster wurde. ‘Dy iene dei yn it jier dat elkenien op ’e dyk boartet, fine se echt fantastysk.’

Nynke van der Zee 7 mei 2018

En bûten boartsje is net allinnich leuk, it is ek wichtich foar de ûntwikkeling fan bern, wit bewegingswittenskipper en opfiedtrainster Marike Knoppers. ‘Als kinderen buiten zijn, werkt de rust van moeder aarde door in hun lichaam. In het lichaam wordt daardoor van nature de resetknop ingedrukt.’

Waist down view of two children wearing rubber boots while standing side by side in a springtime water puddle. Both girls are wearing light blue denim jeans. The girl on the left has navy blue with white polka dots and pink trim on her boots. The girl on the right has light blue boots with pink bottoms.

Mei moai waar de âlde klean oan en hup, nei bûten. Sa gong dat eartiids by ús thús. Dochs sitte hieltyd mear bern tsjintwurdich leaver binnen, blykt út ûndersyk. Op de iPad spultsjes dwaan fine se folle moaier as bûten boartsje. ‘Doe’t wy bern wiene, hiene wy noch gjin kompjûter of online games’, ferklearret Thea. ‘Bûten boartsje fûnen wy hearlik.’ Marike knikt. ‘Maar tijden veranderen. Kinderen worden tegenwoordig blootgesteld aan ontzettend veel prikkels. Prikkels op school, maar ook als ze thuis zijn. Vrije tijd wordt volgepland met sport, muziek, feestjes en huiswerk. Al die prikkels zorgen ervoor dat een kind nauwelijks nog de tijd krijgt om tot rust te komen.’

Als kinderen buiten zijn, werkt de rust van moeder aarde door in hun lichaam

Kontakt mei de ierde

Sa no en dan ta rêst komme, is neffens Marike de basis om dy as bern goed te ûntwikkeljen. De romte krije om ris rêstich nei te tinken oer dysels, dyn freonen, famylje, skoalle of sport. ‘Juist om die rustmomenten te creëren, is buitenspelen essentieel’, wit Marike. ‘Doordat je buiten bent, maak je contact met de aarde en neem je automatisch die natuurlijke rust over. Ongemerkt worden emotionele blokkades opgeheven en kunnen kinderen dingen beter in perspectief zien. Problemen die eerst heel groot leken, zijn na een middag buitenspelen ineens een stuk minder ernstig.’

Little girl playing in the field

It liket ienfâldich: smyt de doarren iepen mei moai waar en stjoer de bern nei bûten. Mar sa simpel is it net, laket Marike. ‘Buitenspelen vraagt van ouders om een bepaalde mindset. Het allerbelangrijkste is namelijk om je kinderen ook echt vrij te laten. Ze de ruimte te geven om hun eigen grenzen en mogelijkheden op te zoeken.’ As foarbyld neamt se in mem dy’t yn de tún in glydbaan delsette foar har fjouwerjierrige dochter. Deabenaud as se wie dat har famke wat oerkomme soe, siet se de hiele middei yn de tún om ûngelokken foar te kommen. ‘Maar daardoor verpestte ze het buitenspelen’, leit Marike út. ‘Het werkt alleen als kinderen zelf in alle vrijheid kunnen ontdekken wat ze wel en niet kunnen. Zelf je motorische maar ook persoonlijke grenzen ontdekken, daar gaat het bij buitenspelen om.’

It hier fol einekroas

Moatte wy de bern dan mar sûnder tafersjoch fan de glydbaan ôf roetse litte? ‘Ja, eins wol’, laket Thea. ‘Us bern boartsje in hiel soad bûten, en ûntdekke geandewei wat wol en net kin. Sa no en dan komme se thús mei it hier fol einekroas of in gat yn ’e broek. Mar dat heart der by. Yn stee fan lilk te wurden, sis ik: “Ik kin wol sjen datsto in moaie dei hân hast”. En ik wit bêst dat ek myn bern stikem wolris dingen dogge dy’t eins net meie, mar dan moatte se ek de konsekwinsjes akseptearje. Dêr leare se allinnich mar wer fan. Ik ha der alle fertrouwen yn dat se sels witte wat wol en net kin.’

Rear view of two young girls (sisters) running down a rural gravel driveway. The younger sister is on the left and has curly red hair. The older sister is on the right and has curly blonde hair. Grandpa can be seen standing up ahead of them in the distance waiting for them to catch up.

Elk bern hat yndied fan natuere in etyske moraal, wit Marike. ‘Kinderen weten heel goed wat wel of niet door de beugel kan. Ook als ze zonder toezicht van hun ouders buiten zijn. Natuurlijk zijn er af en toe escalaties tussen kinderen onderling, maar meng je als ouders niet in die sociale processen. Juist door ruzies leren ze wat hun rol is en hoe ze problemen kunnen oplossen. Uiteraard moet je de risico’s op gevaar goed inschatten, maar laat kinderen vooral zelf ontdekken. En wel zo belangrijk: verpest nooit de positieve stemming. Roep bij vieze kleren niet meteen: “Wat had ik nou gezegd?!” Daarmee geef je een negatieve lading aan buitenspelen. Het enige wat je hoeft te doen is luisteren, een schouderklopje geven en accepteren dat die kleren in de was moeten.’

Ik ha der alle fertrouwen yn dat ús bern sels witte wat wol en net kin

De gouden tip

En wat no as dyn bern seure oft se asjebliiiiift op de iPad meie, wylst it bûten prachtich waar is? Marike hat ien gouden tip. ‘Gebruik de zin: “Ja, je kan op de iPad, zodra je een uurtje buiten hebt gespeeld”. Zo geef je je kind de keuze en voorkom je onderlinge strijd.’ En dan mei in grutte knypeach: ‘Dat woordje zodra in die zin doet echt wonderen in huis, weet ik uit eigen ervaring.’

Troch: Nynke van der Zee

Ut: heit&mem nr.2 2015

Boeketip: Alle kinderen naar buiten!

92000000545779712

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.

Ek ynteressant!