heit&mem

Frijwilligers ûnderbou socht!

Frijwilligers ûnderbou socht!

Yn plakken lykas Ljouwert, Drachten, Boalsert en Snits wol in groeiend tal basisskoallen  yn de ûnderbou omtinken oan it Frysk jaan. Cedin en it SFBO helpe dy skoallen om dat foarm te jaan.

Dieuwke van der Meer 16 juni 2017

image002

Om’t de learkrêften it Frysk soms noch net goed behearskje, of har ûnwis fiele yn dy taal, sykje Cedin en SFBO frijwilligers dy’t ien kear wyks of om ‘e fjirtjin dagen in deidiel op in skoalle helpe wolle om dêr it Frysk oan te bieden.

Dêrfoar is in frijwilligersfergoeding beskikber. Cedin / SFBO soargje foar begelieding en materiaal.

Yn Ljouwert nimt it tal skoallen dat in berop op Fryske frijwilligers docht, ta. Dêrom sykje wy minsken dy’t nei skoallen yn Ljouwert ta wolle om, ûnder lieding fan in learkrêft, mei te draaien en Frysk te praten.

Fine jo it aardich om mei bern te wurkjen en wolle jo in ympuls jaan it Frysk yn it ûnderwiis? Stjoer dan in mailtsje nei it SFBO: m.elsinga@sfbo.nl

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.