heit&mem

Nij Berneboek: Tije

Joukje de Jong 22 november 2016

(Foar)lêze is hiel wichtich en ek noch ris gesellich om tegearre te dwaan! Tsjintwurdich sitte bern in soad op de tillefoan of tablet. Der wurde hast gjin boeken mear lêzen. 

Om dêr wat oan te dwaan hat de Afûk it nije berneboek Tije útjûn. Do wolst dyn bern dochs ek wer oan it lêzen krije?

tije_cover_geheel_def_print

Tije ferhuzet fan it plattelân nei de stêd. Hy sjocht der bot tsjinoan. Hy is bang dat der gjin freontsjes kriget en dat de skoalle stom is. Uteinlik makket der in hiele bysûndere freon. Soe dat goed ôfrinne?

 

 

 

 

 

Der sitte in soad foardielen oan (foar)lêzen:

  • It fergruttet de wurdskat fan bern
  • It prikkelet de fantasy en de sosjaal emosjonele feardigens
  • It helpt bern it lústerjen learen en te konsintrearjen.

It boek is geskikt foar bern fan sân oant njoggen jier. It hat 96 siden en in hurde kaft. De yllustraasjes binne makke troch de skriuwster self en fersterkje de belibbingswrâld fan de bern. Tije hat in werkenber tema oer it finen fan in plakje yn in nije omjouwing. Elk bern kin him dêr wol yn fine.

Sjoch hjir foar de resinsje dy’t ‘Tante Tjits’ oer it boek skreaun hat. 

Tije kin jim bern helpe om it lêzen wer leuk te finen!
download

It is in hearlik boek om foar te lêzen. Kinst hielendal yn de aventoeren fan Tije krûpe.

 

download-1

It boek is goed te begripen foar bern. It past perfekt yn har belibbingswrâld. De yllustraasjes passe goed by it ferhaal.

 

tije-4

 

 

 

 

 

 

Besjoch hjir it ynsjocheksimplaar.

 

BESTEL IT BOEK HJIR FOAR € 14,95 OF FREEGJE DERNEI YN DYN BOEKHANNEL

 

bestelknop-tije

 

Sjoch hjirûnder foar in ympresje fan it boek!

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.