heit&mem

Friese Tandenpoetsweek

In goed gebit is hartstikke belangryk. Dêrom organisearret de GGD Fryslân yn gearwurking mei de oplieding tandartsassistent fan de ROC Friese Poort, fan 7 oant en mei 11 novimber, foar de tredde kear de Friese Tandenpoetsweek. 

Joukje de Jong 7 november 2016

Dizze hiele wike stiet yn it teken fan it fersoargjen fan dyn tosken. Hoe faak moatst poetse? En is it sa wichtich om twa kear yn it jier nei de toskedokter te gean? Hat ús ietgedrach der ynfloed op? Dizze ûnderwerpen wurde allegearre behannele.

De treddejiersstudinten geane del by 895 bern op 37 Fryske basisskoallen. Se jouwe toskpoetslessen en foarljochting. Bygelyks troch rollespul en presintaasjetechniken. 

Alders en skoallen kinne foar mear ynformaasje terjochte op de side fan de Friese Tandenpoetsweek 2016. 

Bron: GGD Fryslân

 

Boeketip: Ik kan tandenpoetsen!

Nu kun je oefenen hoe je moet tandenpoetsen voor een blinkend wit en gaaf gebit! Inclusief drakentrandenborstel, zandloper en voorleesboek.

9200000009888027

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.

Ek ynteressant!