heit&mem

Tsien fan Hylkje

goinga1971door-sgoinga

Hylkje Goïnga (1930 – 2001) wurdt wolris fergelike mei de Ingelske skriuwer Roald Dahl. Krekt as Dahl makket se it ûnwierskynlike deagewoan. Se stiet bekend om har koarte ferhalen dy’t faaks in nuvere en ûnferwachte draai hawwe. De lêzer wurdt geregeld op in ferkeard spoar set. 

Joukje de Jong 7 november 2016

Yn de Tsien fan Hylkje is in seleksje makke út al har wurk. De ferhalen oer it personaazje ‘Martha’ binne fan alle tiden. Dêrom moast it der wer ris fan komme om dit opnij út te bringen! Douwe Kootstra hat jierrenlang mei Hylkje yn de redaksje fan it blêd De Strikel sitten. Hy wie dêrom de geskikte persoan om tsien ferhalen út te sykjen. 

It boek hat 79 siden, de opmaak is dien troch Jan Tiemersma en Hylkje Kroon is ferantwurdlik foar de foarmjouwing fan de omslach. 

Kinst it boek hjir bestelle of helje ‘m yn de winkel fan Afûk yn Ljouwert foar € 7,50.

tsien_fan_hylkje_omslach-web

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.