heit&mem

Rôversguod

Rôversguod

Tante Tjits 28 oktober 2016

ro%cc%82versguodFan dy grutte swarte fûgels yn de tún. Fynst dy soms net om bang fan te wurden? No, Fekke ek. Mar op in dei bart der wat frjemds. It liket wol oft ien fan dy fûgels syn namme seit! En al is er eins wat benaud, Fekke giet dochs achter de roek oan. As de roek him fertelt dat Fekke syn mem him stjoerd hat, wurdt Fekke poerlilk. Mem is stoarn en Fekke mist har ôfgryslik. Dêr mei dy roek de gek net mei hawwe! Mar de roek is net allinne, hy hat in leger fan roeken by him. Fekke moat him wol oerjaan en lústerje nei wat de roek wol. Fan dat momint ôf ûntstiet der in bysûndere bân tusken de Fekke en de fûgel. Fekke bringt de fûgels restjes iten en de roek nimt skatten foar Fekke mei. Kraaltsjes, moaie stientsjes, knoopkes. Fekke fertelt de roek oer syn soargen. Dat er mem sa mist en dat heit ek hast net sjocht, om’t dy sa faak wurkje moat. De roek komt mei in wûnderlik plan om wat ekstra jild te fertsjinjen. Fekke wit it net… Mar mei wat ekstra jild hoecht heit net sa faak mear oan it wurk. Dat liket Fekke wol wat. It giet oan, de roek sammelet syn rôversbinde en giet op ’en paad.

Spannend genôch sa’t Fekke achter de roek it bosk yn giet. Yn ’e klasse is Fekke miskien in stammerende jonge dêr’t se net in sint foar jouwe, mar hjir blykt wol dat er eins hiel heldhaftich is. Gelokkich binne de roeken fan Vera Damhuis net sa swart as yn it ferhaal, en ast dus goed nei de tekeningen sjochst, dan witst al dat it goed ôfrinne sil foar Fekke. En dan it plan fan de roek..! Ik betraapje mysels op memme- en juffebetinksels: dat kin dochs net goed gean? Dat mei dochs net? Mar dêr giet it fansels hielendal net om! Der is in plan! It komt goed!

In ferhaal foar de middenbou fan de basisskoalle, yes! Hjir en dêr in bytsje lestich mei soms in nij wurd en in wikseljend perspektyf mar ja, wy wolle no ien kear ek graach witte hoe’t it no sa kommen is mei Fekke en syn famylje. En no’t ik wit wat der yn it ferline bard is, tink ik der stiekem achteroan…. soe dy bysûndere freonskip tusken Fekke en de roek yn de takomst net noch in hiele bult mear aventoeren opsmite? Wy sjogge hjir yn elk gefal mei hiele oare eagen nei dy grutte swarte fûgels!

It boek is hjir foar € 12,50 te bestellen

Tante Tjits
(sjoch foar mear op www.tantetjits.nl)

 

tekst: Janneke de Boer (sokiets.blogspot.nl)
yllustraasjes: Vera Damhuis (veradamhuis.nl)

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.

Ek ynteressant!